heit & mem nr. 2 2021

Page 6

Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl

post

Heit&mem Postbus 53, 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Facebook, Instagram, Pinterest of Twitter.

Op de cover Hoi, ik bin Bjorn Pander, 12 jier en ik wenje yn Balk. Ik sit op it CSG Bogerman yn Balk, 1e klasse Basis/Kader. Myn hobbys binne fiskje, game en fuotbalje. Ik bin al jierren keeper bij V.V. Balk en spylje no by de JO-14. Wat ik letter wurde wol? MODEL!!! Dat liket mij echt leuk! En dan foaral yn ’e kleanyndustry. Posearje, oer de catwalk, op de cover, de hiele wrâld oer! Ik fûn it hartstikke leuk om foar de heit&mem op de foto te kommen. It wie moai waar en de fotograaf wie super aardich en entûsjast oer my.

Frysk op Bonaire Wy wenje no in pear moanne op Bonaire mei ús húshâlding, Renske (keunstneres), John (timmerman) en Fosse (3) en Pelle (6 moanne). We komme hjir foar it aventoer, it moaie waar, de natuer en om te (kite) surfen. De bern kinne hjir alle dagen lekker swimme en wy binne de hiele dei bûten. Grappich om hjir te sjen is dat wy lang net de iennichste Friezen binne dy’t sa tocht hawwe. Geregeld komme wy hjir Friezen om utens tsjin. Wy prate hjir eins noch mear Frysk as doe’t wy yn Harns wennen. Wy ha foar de grap al sein dat wy hjir wol in klupke oprjochtsje kinne. Thús prate we ek Frysk mei de bern, mar op de opfang en aanst op skoalle hearre se ek in protte Papiaments, Spaansk en fansels Nederlânsk. Ik tink dat dat allinnich mar goed is, seker no’t se lyts binne. Ik sil altyd Frysk praten bliuwe tsjin ús bern mar ik wit net wêr’t se letter sels foar kieze. It kin wêze dat se tinke: ‘net ien ferstiet my, ik moat mar Hollânsk prate’. Want Fosse hat wol meimakke dat er yn it Frysk tsjin oare minsken prate en dat de minsken him net snapten. Dan moatte wy it oersette. Ik wit net at dat in bern ûnwis makket. Mar as hy aanst wat âlder is dan kinne wy dat wol útlizze. Yn elk gefal leare wy se Frysk, want ik fyn it hiel belangryk dat de Fryske taal trochjûn wurdt oan de bern.

Oankrûpmomintsje Dizze foto strielet betrouwen út tusken broer en sus: Aelke Theo (8 jier) en Jeltsen (3 jier) Conradi út Dronryp, fleane elkoar regelmjittich yn it hier, mar o, o, se kinne net sûnder elkoar! Dit is sa’n oankrûpmomintsje! Groetnis fan grutske beppe Jeannette

Pake’s naamgenoot Hierbij stuur ik een foto van pake Jaap Spoelstra en zijn jongste kleinkind en naamgenoot Jens Jacob Spoelstra uit Joure. Pake is tige wiis mei dit moaie mantsje! Met vriendelijke groet, Ytje Spoelstra-de Schiffart


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.