Heit & Mem nr. 1 2021

Page 45

TWA Teije is berne yn it sikehús fan Ljouwert. It wie om middernacht hinne en dat makke dat we dêr dy nacht sliepten. We krigen ús eigen keamer, dêr’t we tegearre in ienpersoansbêd dielden, al hie Teije syn eigen sikehúsbedsje op tsjiltsjes. Ik wie foar it earst allinne mei myn soan. Ik hie yn de moannen dêrfoar fan alles lêzen oer lytse poppen, om sa in ynskatting te meitsjen fan wat my stoeng te wachtsjen. Minsken neamden my foaral sterk en dapper, dat ik dêr sa foar kieze koe − in berntsje fan in donorheit. Ik fûn it foaral hiel spannend en ik wie ek ûnseker oer hoe’t it allegear komme soe. Fan ’e jûn, foar it op bêd gean, fersier ik de keamer en tink ik werom oan twa jier ferlyn. Ik sjoch ús yn dat bed lizzen. In suster lei Teije nêst my yn myn earms. Al hie ik in lange befalling efter de rêch, wurch wie ik noch net. De suster ried ús de keamer yn. At der wat wie, koe ik op it knopke drukke, sei se. Har tsjinst siet derop. Se soe ús net wer sjen. Se winske ús it bêste en doeng it ljocht foar ús út en de doar efter har ticht – letter soe ik de suster noch werkenne fan de foto út Teije syn earste album. Teije sliepte en ik doarde my net te ferlizzen, bang dat ik him wekker meitsje soe. Ik doarde him ek net rjocht te pakken, omdat it allegear sa tear fielde, sa brekber. Healwei de nacht moast ik nei de wc, mar ik koe it knopke net fine dêr’t de suster it oer hie. Ik doarde net oerein te kommen of myn soan allinne op it bêd efter te litten sadat ik nei it húske koe. Ik hie lêzen dat je lytse poppen nea allinne op it bêd lizze litte moatte, omdat se der dan ôfrôlje kinne. Dat dat pas nei fjouwer moanne is, wist ik net. Eins wist ik niks. Ik hie tocht dat it miskien mear fansels gean soe. Dat op it momint dat de poppe der is je gewoan witte wat je dwaan moatte. Je je mem fiele en dat binne fanôf it begjin. Teije waard dy nacht in pear kear wekker. Hy gûlde. Ik woe boarstfoeding jaan en ik lei him dan oan. Ik koe it ljochtknopke net fine dy nacht en dêrom brûkte ik de bûslampe fan myn tillefoan. Sa skynde ik ús wat by. Moarn is it earste wat hy seit ‘Memmemmemmem’ en dan docht er in hynder nei. At ik him dan út syn ledikant pak, sil er laitsje en hy sil knipe mei syn eachjes at we de oerloop op rinne en by de trep del. Hy sil syn earms om myn nekke slaan wylst we nei ûnderen rinne. Ik kin it úttekenje, ik kin him lêze, ek sûnder ljocht wit ik de wei. Teije is jierdei mar ik wurd ek twa. Twa jier mem.

44

45

Sjoukje de Boer (1987) dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije (2019)


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook

Articles inside

Tomkeferhaaltsje

1min
page 46

Seks

2min
page 44

Ferneamd

2min
pages 47-48

Kollum Sjoukje de Boer

2min
page 45

Kollum Berber Spliethoff

1min
page 42

In Fries om utens

3min
pages 40-41

Kollum Tjalling de Vries

2min
page 39

Je kind zonder stress wegwijs maken in het verkeer

3min
pages 30-31

Nije boeken

1min
page 27

Afûk-boekpanel

2min
page 32

Mei de bern op ’e yogamatte

3min
pages 24-26

Bijbewust libje

3min
pages 36-38

Online pesten

5min
pages 33-35

Us húshâlding

4min
pages 22-23

Help, ik ha bern

3min
page 15

Kolofon

3min
pages 4-5

I ♥ omke/tante

6min
pages 12-14

Hormoanen de baas?

4min
pages 8-10

Kollum Abel Reitsma

5min
pages 19-20

Sa prate wy thús

2min
page 11

Bernepraatsjes

1min
page 21

Feest foar Tomke

4min
pages 16-18
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.