Douwe Namme pake: Berne op: Wennet yn:
Douwe Anema 2 jannewaris 1949 Nes (Noardeast-Fryslân)
Namme heit: Berne op: Wennet yn:
Douwe Douwes Anema 25 maart 1983 Stiens
Namme pakesizzer: Douwe Sjoerd Anema Berne op: 18 july 2016 Wennet yn: Stiens Betsjutting Douwe: de namme komt fan it Fryske wurd ‘do’ (duif)
Pake Douwe: ‘Eins hie ik Piet hjitte moatten. Foardat ik berne waard, hienen ús heit en mem al in soan krigen dy’t se de namme Douwe Douwes jûn hienen. Dat jonkje is net âld wurden. Doe’t ik letter berne waard, hat ús heit syn skoanheit − myn pake Pieter − frege oft dy it net slim fûn dat se op ‘e nij in soan Douwe neame soenen. Pake Pieter fûn dat wol bêst. Dus sa bin ik úteinlik dochs in Douwe wurden.’ Heit Douwe: ‘Doe’t wy yn ferwachting rekken, wie foar ús fuortendaliks dúdlik dat ús soan de namme Douwe krije soe. Ik fyn it in moaie namme. Om betizing foar te kommen, ha wy derfoar keazen om Douwe in twadde namme te jaan. Sa kamen wy al gau op de namme Sjoerd. Dat past moai achter Douwe en boppedat is it de twadde namme fan myn broer en de namme fan myn omke. Dus is it úteinlik Douwe Sjoerd wurden.’ Pake Douwe: ‘Wy kamen der mei it besjen fan de stambeam ek noch achter dat de namme Sjoerd fier weromgiet yn de stambeam, lang ferlyn wie der nammentlik ien mei de namme Robijn Sjoerds. Hy wie troud mei de suster fan Grutte Pier,
46
47
begjin 16e iuw. Yn de stambeam kinst hiel moai sjen dat Douwe Sjoerd yntusken al wer de sânde Douwe Anema yn ús famylje is. Ik bin der grutsk op dat dy tradysje noch altyd trochjûn wurdt.’ Heit Douwe: ‘Hieltyd minder fan ús freonen kieze derfoar om de bern te ferneamen yn de earste namme. Dochs fyn ik it wol in hiel moaie tradysje. Wy ha foar ús dochter in kombinaasje makke fan de nammen fan ús beide memmen, Ant en Trienke. Us famke hjit Anienke. In namme dy’tst net in soad hearst, mar dy’t wy tafallich al ris seagen yn in boekje mei Fryske famkesnammen. Krekt wat oars as oars, mar beide beppes fine it moai. En wy ek!’ Pake Douwe: ‘Wy Douwes hjitte net allinnich alle trije itselde, wy lykje ek hiel bot opelkoar. Wy binne stik foar stik bûtenmannen. Ik ha myn hiele libben bûten wurke op it lân. Us soan Douwe is ek in fjildman. Dy fong op syn fjirde de mollen by ús heit yn de tún. En ek Douwe Sjoerd mei graach bûten wêze. As wy yn it fjild binne, sjocht er elk fûgeltsje en oar bist. Dat fyn ik prachtich. En wy binne alle trije sljocht op reedriden en keatsen.’
Skriuwer: Nynke van der Zee Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie
FERNEAMD